Man fêst nei Hitlergroet

10 feb 2013 - 10:41
  • Plysje-embleem

Yn Boalsert is sneontenacht in man (21) út Turns oanhâlden, neidat er de Hitlergroet brocht hie. De man wie mei in stel maten krekt in kroech oan de Dykstrjitte útstapt, doe't er dy groep in pear kear de Hitlergroet brocht en misledigjende teksten rôp. Plysjes hellen de fertochte út de groep en sprutsen him oan op syn gedrach. De man woe syn papieren net sjen litte en waard dêrom oanhâlden. Hy is meinaam neit buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)