Man fêst foar seksueel misbrûk

06 aug 2004 - 10:06

De plysje hat in 31-jierrige man út Boalsert oppakt fanwege seksueel misbrûk fan trije famkes. It giet om de dochters fan syn freondinne. De famkes binne tusken de 10 en 14 jier âld.

De Boalserter wurdt derfan fertocht dat hy fan april 2003 ôf de trije famkes seksueel misbrûkt hat. De man is al yn july oppakt. Hy sit noch hieltyd fêst. Justysje is noch dwaande mei it ûndersyk en wol net sizze hoe't de man opspoard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)