Man fêst foar misbrûk famke

02 des 2012 - 16:54
  • Op dit boartersplak yn Drachten waard it famke betaaste

De plysje hat freedtejûn in 23-jierrige Drachtster oanhâlden yn it ûndersyk nei it misbrûk fan in famke fan seis jier. De man sit noch fêst. It famke is ferline wike sneintemiddei misbrûkt yn in boarterstún oan de Westerwird yn de buert De Wiken. De plysje hat spoaren ûndersocht en buertûndersyk dien. It ûndersyk is mei de oanhâlding noch net klear. De plysje siket minsken dy't 25 novimber, of earder, in man by de boarterstún sjoen ha. De fertochte is in blanke, smelle man fan 23, 1.80 en ljocht hier, klaaid yn spikerbroek en donkere jas.

Ek wol de plysje yn kontakt komme mei in jonge dy't sneintemiddei by de boarterstún del fytste en neffens tsjûgen de fertochte groete.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)