Man ferwûne by ûnk Steggerda

29 jun 2013 - 11:37

In 60-jierrige bestjoerder út Steggerda is freedtejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Steggerdawei. De man ried oer in ferkearsheuvel yn de dyk en waard lansearre. Hy ried in ferkearsboerd omfier en kaam tsjin in muorke yn in tún ta stilstân.

De man is earst nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Doe't syn sûnenstastân minder waard is hy oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)