Man ferwûne by ûngelok Winsum

11 sep 2014 - 11:44

Op de koaidyk by Winsum is tongersdei in man licht ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried mei syn auto op de ferkearde helte fan de dyk omdat hy net goed wurden wie. In frachtwein koe de man net mear ûntwike en in oanriding wie it gefolch.

De autobestjoerder hat gelok hân dat syn snelheid net al te heech wie. Hy is troch ambulânsepersoniel behannele en foar ûndersyk meinaam nei it sikehûs. De dyk is koarte tiid ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)