Man ferwûne by ûngelok Wâldwei

14 maaie 2013 - 14:09
  • Plysje-embleem

In 50-jierrige man út Zenderen is moandeitemiddei ferwûne rekke op de Wâldwei. By de Fonejachtbrêge rekke hy troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. De auto sloech in pear kear oer de kop en kaam yn de sleat telâne. De bestjoerder wist sels út de auto te kommen. Hy is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)