Man ferwûne troch triuw ko

29 apr 2014 - 14:31
  • Traumahelikopter

In ynwenner fan Harich is tiisdeitemoarn slim ferwûne rekke oan 'e holle, doe't er omtreaun waard troch in ko. Dat wie oan de Mardyk yn Ealahuzen. De 64-jierrige man wie dêr dwaande kij yn in feewein te laden. Hy hold dêrby in stek fêst. Doe't ien fan de kij dêr tsjinoan treau foel de man achteroer. Hy foel hurd mei de holle op de grûn.

It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)