Man ferwûne troch bierglês

01 apr 2007 - 15:34

In 23-jierrige man út Twizelerheide is yn de nacht fan sneon op snein troch de plysje oppakt foar mishanneling. Hy hie yn in disko op de Ryksstrjitwei by Noardburgum in Hurdegarypster (19) mei in stikken bierglês yn it gesicht stutsen.

It personiel brocht de ferwûne man mei slimme ferwûnings oan it gesicht nei de earste help fan it MCL yn Ljouwert. De plysje hat de fertochte meinommen nei it buro en stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)