Man ferwûne by stekpartij

31 okt 2008 - 10:21

By in stekpartij yn Ljouwert is tongersdei in man (23) út de stêd ferwûne rekke. De plysje krige melding fan in stekpartij op de Salomonszegel. It slachtoffer wie al nei it sikehûs doe't de plysje der kaam. Neffens tsjûgen hie in twadde man (30) in mes lutsen en op it slachtoffer ynstutsen.

In bedriging soe oanlieding west ha foar de stekpartij. Op oanwizing fan de omstanders koe de plysje de fertochte gau oppakke. It slachtoffer is yn it sikehûs behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)