Man ferwûne op tsjerkedak

23 jun 2011 - 16:49
  • (foto Henk Koster, www.112-nof.nl)

In man fan 40 út Ljouwert is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by wurksumheden oan in tsjerke oan de Bronleane yn Dokkum. De man wie op it dak oan it wurk doe't er in ein nei ûnderen glide. Healwei it dak bleau er lizzen. Hy hie ferwûnings oan syn skonk.

Mei in heechwurker fan de brânwacht is er fan it dak helle en mei in ambulânse nei it sikehûs fan Dokkum brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)