Man ferwûne nei swiere mishanneling yn Drachten

25 sep 2015 - 14:04

In 29-jierrige Drachtster hat tongersdei swiere kniezings en in harsenskodding oprûn doe't er yn syn hûs oan de Noorderend oanfallen waard. De fertochte, in 27-jierrige Akkrumer, wie it hûs ynkommen en hat it slachtoffer dêr mishannele. Hy moast nei it sikehûs.

De fertochte naaide út, mar tsjûgen hawwe it kenteken fan syn auto en syn sinjalemint oan de plysje trochjûn. Dy koe de man op de Stasjonswei oanhâlde. Hy wurdt fertocht fan poging ta deaslach en swiere mishanneling. De oanlieding foar de mishanneling leit yn de relaasjesfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)