Man ferwûne nei sprong út rút

15 jun 2006 - 12:08

Op de Foarstreek yn Ljouwert is in man ferwûne rekke doe't er út in rút sprong. Dat barde sneontejûn. De plysje hat it nijs tongersdei pas bekend makke. De man soe relaasjeproblemen ha en wie swier ûnder ynfloed fan drank en drugs.

Flak dêrfoar hie er yn de wente rúzje krigen. Ut benaudens sloech er in rút stikken en sprong fan de earste ferdjipping op strjitte. Hy rûn dêrby in stikkene heup en snijwûnen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)