Man ferwûne nei houlikse rûzje op camping Hylpen

17 jul 2015 - 11:57

In 49-jierrige man út Herne yn Drinte is tongersdei ferwûne rekke op in camping yn Hylpen. De man is nei alle gedachten yn syn boarst stutsen mei in mês. De 44-jierrige frou fan de man is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

It stel kampearre op in camping oan de Westerdyk. De plysje hat tongersdei spoareûndersyk dien op ’e camping en ferskate tsjûgen binne heard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)