Man ferwûne by eksploazje boat

10 maaie 2008 - 13:46
  • de man is mei ferwûnings nei Grins brocht

By Terkaple is sneon in 69-jierrige man fan de Jouwer slim ferwûne rekke troch in eksplodearjende diseloaljetank. Hy wie de lekkende tank fan syn wenskip oan it laskjen. It skip lei yn in sydfeart fan de Terkaplester Puollen. Troch de waarmte fan de lêste dagen is der nei alle gedachten gas yn de tank ûntstien.

De man rûn swiere brânwûnen op oan syn gesicht, boarst en luchtwegen. Hy is nei it sikehûs fan Grins brocht mei de traumahelikopter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)