Man ferwûne by brân

25 nov 2008 - 09:28

By in brân yn Drachten is tiisdeitemoarn betiid in man fan 57 jier ferwûne rekke. De man wie op de sliepkeamer yn syn hûs oan de Westerwird. Dêr is de brân ek ûntstien, de oarsaak is noch net bekend.

Syn frou wie ûnder, mar it slagge har fanwege de reek net om nei boppe te kommen. De brânwacht hat de man úteinlik rêden. It slachtoffer koe net mear goed sykhelje en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)