Man ferwûne by berôving

28 jan 2007 - 15:42

In 31-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein ferwûne rekke doe't er berôve waard. De man kuiere dy nacht op it Hearenwâltsje doe't in ûnbekend persoan ynienen syn beurs en syn mobile telefoan ôfpakte.

Hy krige dêrnei in bloedend gesicht en klage oer pine oan de eagen. De man is yn it MCL behannele. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)