Man fertocht fan mishanneling

16 jun 2008 - 09:02

In 45-jierrige man út Drachten is sneintemiddei troch de plysje oanhâlden om´t er syn frou mishannele hawwe soe. De man belle sels de plysje om te melden dat syn 40-jierrige frou ferwûne yn harren hûs oan De_Stâl lei. Hy soe har sa fûn hawwe.

De plysje fertroude it lykwols net en arrestearre de man. Hy sit fêst op it plysjeburo yn ôfwachting fan fierder ûndersyk. Syn frou is mei ferwûnings oan ´e holle nei it sikehûs fan Drachten oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)