Man fertocht fan mishanneling

28 okt 2007 - 12:47

De plysje hat op 'e Jouwer in ynwenner fan Anna Paulowna oanholden foar mishanneling. De man siet te fiskjen doe't in Jouster mei syn hûn foarbykaam. De fertochte fûn dat de Jouster rûch omgong mei it bist.

Doe't de hûn losbruts, krigen de beide manlju spul. Dêrby waard de Jouster meardere kearen slein. Tsjûgen ha de twa út elkoar helle en de plysje warskôge. Dy hat de man út Anna Paulowna fêst set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)