Man fertocht fan ferkrêfting

04 jan 2007 - 17:32

In man út Wytmarsum dy't fêstsit op fertinking fan misbrûk fan fjouwer jonge famkes, wurdt fertocht fan ferkrêfting en ûntucht. Dat waard tongersdei bekend op de pro-forma sitting. De bern kamen by him oer de flier. Syn frou wie oppasmem.

De man wol dat syn saak earder behannele wurdt as 13 febrewaris, omdat er alles ûntkent. It ûndersyk giet ek noch oer fjouwer oare famkes, wêrûnder de dochter fan 'e fertochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)