Man fertocht fan brânstifting

29 okt 2010 - 09:23

De plysje fertinkt in ynwenner fan it Hearrenfean fan brânstifting yn syn eigen hûs. De brân oan De Wielen ûntstie freedtemoarn betiid. De man aseme dêrby safolle reek yn dat er behannele wurde moast yn it sikehûs. Dêrnei sil der troch de plysje heard wurde.

It hûs rekke troch de reek flink skânsearre. De brânwacht koe foarkomme dat omlizzende hûzen skea oprûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)