Man ferstoarn by ûngelok

07 nov 2012 - 13:10

By in iensidich ûngelok op de Oranje Nassauleane op It Hearrenfean is woansdeitemiddei in man om it libben kaam. De man ried op de dyk by Skoatterwâld doe't er ynienen net goed waard. De auto rekke fan de dyk, botste tsjin twa beammen en kaam op 'e sydkant. Helptsjinsten binne ynset om de ynsittenden út de auto te heljen. In froulike ynsittende moast foar kontrôle nei it sikehûs. It ûngelok wie by de yngong nei it sportpark. De dyk wie in skoftlang ôfset foar ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)