Man ferstoarn troch ûngelok

23 jul 2011 - 12:07
  • Foto: Jaring Rispens (www.stjoerder.nl)

In ynwenner fan Langsweagen (29) is freedtenacht ferstoarn neidat er jûns belutsen wie by in ûngelok. De man waard op de Spannenburgerdyk by Sint Nyk oanriden troch in automobilist (82) út Wâldsein. Dy koe de Langsweager net mear ûntwike doe't dy ynienen de dyk oerstuts.

It slachtoffer waard yn kritike tastân mei de traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht. De dyk is ferbean foar kuierders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)