Man ferstoarn troch jarretank

17 mrt 2009 - 10:11
  • De brânwacht yn aksje by de jarretank (foto Jaring Rispens)

In 23-jierrige man út Warns is moandei stoarn nei't er by syn wenning yn in jarretank klommen wie. It slachtoffer woe in klep yn de jarretank reparearje. Hy rekke eins dalik bûten westen. Syn 47-jierrige heit besocht him te rêden, mar rekke ek út de tiid.

De buorman wist de heit mei help fan de brânwacht út de tank te heljen. Dêrnei helle de brânwacht de soan út de jarretank. De soan is yn it sikehûs ferstoarn, de heit leit dêr noch ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)