Man ferstoarn nei ûngelok

26 apr 2004 - 00:00

In 48-jierrige man út Frjentsjer is sneintenacht om it libben kaam by in ûngelok. Hy waard op de Harnzerwei yn Frjentsjer oanriden troch in buske.

De bestjoerder, in 51-jierrige man út Frjentsjer, seach it slachtoffer ynienen rinnend foar syn bus opdûken. De bestjoerder remme noch, mar koe in oanriding net foarkomme. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje ûndersiket wat der krekt bard is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)