Man ferstoarn nei ûngelok

02 jul 2013 - 10:54
  • Plysje-embleem

In 60-jierrige man út Steggerda is moandei yn it sikehûs ferstoarn oan syn ferwûnings dy't er freed oprûn hie by in ûngelok op de Steggerdawei yn syn wenplak. Troch ûnbekende oarsaak rekke de man freedtejûn mei syn auto de fangrail. Dêrnei ried er tsjin in ferkearsboerd, rekke er in parkearde auto en kaam úteinlik ta stilstân tsjin in muorke yn de tún fan in wenning. De man rekke slim ferwûne en waard nei it UMCG yn Grins brocht. Dêr is er moandei ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)