Man feroardiele foar bedriging

12 jul 2007 - 07:38

De rjochtbank yn Amsterdam hat in 42-jierrige man feroardiele ta in jier selstraf foar it bedriigjen en mishanneljen fan minsken yn Ljouwert en Amsterdam. It giet dêrby ûnder oare om syn eks-partner en plysjeminsken.

De man moast ek foarkomme omdat er televyzjepresintatrise Wendy van Dijk stalkt hawwe soe. Neffens de rjochter wie dêr net genôch bewiis foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)