Man fermist op PM-kanaal

30 apr 2010 - 20:24

Yn it Prinses Margrietkanaal by Jistrum is freedtejûn mei man en macht socht om in 69-jierrige man út it Grinzer Termuntersyl. De man wie oan it begjin fan de jûn oerboard slein neidat er problemen krige mei de motor fan syn boat. Plysje, brânwacht en dûkers hawwe om de man socht, mar hawwe him net fûn.

Sneontemoarn wurdt fierder socht, mooglik ek mei sonar. It PM-kanaal bliuwt foarearst oant nei de syktocht ticht foar it farferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)