Man fermist nei omslaan sylboat

08 jul 2004 - 13:54

In 67-jierrige man út Reahel wurdt sûnt woansdei fermist, neidat syn sylboat omslein wie op de Aldegeaster Brekken. De man wie mei syn 10-jierrige pakesizzer te silen. It jonkje koe rêden wurde, mar de man is nei alle gedachten net goed wurden en ferdwûn ûnder wetter.

It dûkteam fan de brânwacht hat oardel oere om him socht, mar koe him net fine. Ek dreggen smiet neat op. Der wurdt tongersdei fierder socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)