Man ferjit hânrem en auto bedarret yn feart

08 des 2014 - 16:52

In auto is moandeitemiddei yn Drachten yn de Drachtsterfeart bedarre. De eigener is nei alle gedachten fergetten om de auto op de hânrem te setten. De man soe efkes gau nei de toskedokter west ha. Doe't er werom kaam, seach er allinnich noch mar it dak fan syn auto.

De brânwacht moast der oan te pas komme om de auto út it wetter te takeljen. Der is gjin ien ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)