Man fergiftiget jierren bisten

11 aug 2010 - 10:18

De plysje hat in man (74) út Makkingea oanhâlden. Hy hat jierren rôffûgels en hûnen fergiftige yn in bosk by syn wenplak. Hy lei deade piken en mosken del der't er gefaarlik lânbougif oerhinne dien hie. Bisten dy't hjir fan ieten, stoarnen in stadige dea.

Om't it jierrenlang trochgie, pleatste de plysje in kamera yn de bosk. Op bylden fan de kamera wie de fertochte te sjen. By him thús waard ûnder it pikehok in flesse mei it lânbougif Parathion fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)