Man ferdronken yn Dokkum

04 maaie 2003 - 00:00

Yn it wetter fan De Dam, flakby it bolwurk yn Dokkum, is snein in deade man fûn. It giet om in Dokkumer fan 36 jier.

De plysje giet der fanút dat de man troch ferdrinking om it libben kaam is. Der is foarearst gjin oanlieding om te tinken dat der geweld yn it spul west hat. De fyts fan de man is in eintsje fierderop fûn. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)