Man ferdronken op it Hearrenfean

30 maaie 2005 - 11:27

Yn it wetter tusken de Valeriaan en de Haskerútgong op it Hearrenfean is sneon it lichem fan in man fûn. It giet om in 54-jierrige ynwenner fan it Hearrenfean.

In buertbewenster hie it lichem driuwen sjoen doe't se yn de tún oan it wurk wie. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de man de jûns dêrfoar yn it wetter fallen is en ferdronken is. De plysje seit dat it net om in misdriuw giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)