Man fan sânbank by Skier helle

11 jun 2004 - 00:00

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat tongersdei in man fan in sânbank by it eilân helje moatten. De man wie by leech wetter nei de sânbank kuiere. Dêr wie er yn sliep fallen.

Doe't er in pear oeren letter wer wekker waard, stie it wetter sa heech dat er net werom rinne koe. De man waard sjoen troch de fjoertoerwachter fan Skiermûntseach. Dy warskôge de rêdingsboat, dy't de man ophelle en nei it strân fan Skiermûntseach brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)