Man fan fyts lutsen en slein

26 des 2012 - 09:17

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei om 4 oere hinne op de Lemsterdyk yn Snits in 31-jierrige Snitser en in 33-jierrige ynwenner fan Abbegea oanhâlden. Se wurde der fan fertocht in 21-jierrige Snitser bedrige te hawwen en in 23-jierrige Snitser mishannele te hawwen.

Yn in kafee yn de binnenstêd wie spul ûntstien, dy't letter bûtendoar fierder gie. It slachtoffer waard fan syn fyts lutsen en slein. Beide slachtoffers hawwe oanjefte dien. De beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo en dêr is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)