Man fan de fyts riden

12 jul 2010 - 10:41

In 23-jierrige man út Danwâld hat sneintenacht in 20-jierrige Dokkumer fan de fyts riden. Op de krusing fan de Bocksmeulen en de Hogedijken naam de Damwâldster op de brommer de binnenbocht en botste op de fytser. Beiden giene oer de weareld.

De Damwâldster hâldt in brutsen skouderbonke, in harsenskodding en letsel oan 'e nekke oer oan de botsing. Hy is nei it sikehûs yn Dokkum brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)