Man fan beurs berôve

31 okt 2012 - 10:00
  • Beurs mei jild

In ynwenner fan Wolvegea is tiisdeitenacht yn de Haadstrjitte-West yn syn wenplak bestellen fan syn jild. De 32-jierrige man waard om fiif oere hinne oansprutsen troch twa manlju. Ien fan harren pakte him fêst, wylst de oare him de beurs ôfpakte. Neidat se it jild út de beurs weihelle hienen, naaiden de twa út.

It giet om twa manlju mei in negroïde uterlik fan achter yn de tweintich. De plysje is op syk nei harren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)