Man fan 9 miljoen meldt him

19 apr 2012 - 15:59

De winner fan de Lotto-jackpot fan 9 miljoen euro fan ôfrûne wykein is bekend. It giet om in Fries dy't al jierren meidocht. Fierder hat de Lotto neat bekend makke oer de identiteit fan de winner.

It lot waard ferkocht yn Wolvegea. Yn earste ynstânsje tocht de winner dat hy 9000 euro wûn hie. Mar doe kamen der noch wat nullen by, sa falt yn in reaksje fan Lotto te lêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)