Man falt op troch swiere tas fol mei stellen metalen

26 maaie 2015 - 11:22

De plysje yn Ljouwert hat moandeitenacht in 44-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't mei in folle tas mei stellen metalen oer de James Wattstrjitte yn syn wenplak fytste. De plysjes setten de man oan de kant om't er fanwege de swiere tas opfoel. Bliken die dat de man ek drugs by him hie: himp en pep.

De man is foar ûndersyk meinaam nei it plysjeburo. De metalen en de drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)