Man falt jonkje (9) lestich

07 okt 2009 - 10:45

In jonkje (9) út Ljouwert is tiisdei yn syn wenplak lestichfallen troch in noch ûnbekende man. It bern wie út skoalle ûnderweis nei hûs, doe't de man him op Achter de Hoven fêstpakte. Hy liet it jonkje ûnder oare in seksboekje sjen.

It jonkje wist te ûntkommen en warskôge syn mem. Dy belle de plysje. Om't der in goed sinjalemint wie, hat de plysje fia Burgernet goed 700 minsken frege út te sjen nei de fertochte. Dy is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)