Man falt fan wente yn Dokkum

30 jun 2010 - 11:50

In 25-jierrige man fan Wergea is woansdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op in bouterrein oan de Mearsloatwal yn Dokkum. De man wie oan it wurk by in wenning en foel derby fan de fiifde nei de tredde ferdjipping. Mei in heechwurker is de man nei de grûn brocht.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwunings mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)