Man falt fan speedboat yn see

19 des 2008 - 16:47

In bewenner (35) fan it Amelân is freed slim ûnderkuolle rekke, doe't er troch ûnbekende oarsaak fan syn speedboat foel. Dat wie op see by de feardaam fan it eilân. De boat fleach dêrnei de wâl op, ramde twa stekken en kaam op 'e dyk ta stilstân. Op it eilân rekke nimmen ferwûne.

De man waard út it wetter helle troch personiel fan de fearboat. Hy is mei de traumahelikopter yn kritike tastân oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)