Man falt fan ljedder

01 feb 2011 - 16:19
  • De traumahelikopter wie der gau by (foto: Anton Kappers)

In boufakker (62) út Burgum is tiisdei yn Ljouwert fan fjouwer meter hichte fallen. By wurksumheden op de Skieringerwei foel de man fan in ljedder. Hy soe fan de ljedder op in balkon stappe, mar fan it balkonmuorke bliek in stik los te sitten.

De man kaam op de achterholle telâne. De traumahelikopter kaam nei it plak fan it ûngelok omdat de man mooglik swier harsenletsel hie. Doe't bliken die dat er wol oansprekber wie, is er nei de earste help yn it MCL brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)