Man falt fan dak

23 jul 2008 - 10:20

In ynwenner (60) fan Easthim is tiisdei slim ferwûne rekke by it feien fan in skoarstien yn Heech. De man is nei alle gedachten útgliden en fan it dak fallen. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Yn Harns foel in man (29) út Alkmaar fan acht meter hichte nei ûnderen. Hy wie oan it wurk op de skipswerf. Hoe't it koe dat er foel, is net bekend. Ek hy is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)