Man falt 8 meter yn bouput

01 mrt 2011 - 11:12

By in bedriuwsûngelok yn Noardwâlde is tiisdeitemoarn in man swier ferwûne rekke. Hy wie mei in ploechje minsken krekt bûten Noardwâlde dwaande mei de bou fan in buorkerij. Dêrfoar wie in grutte bouput makke. It slachtoffer is dêryn rekke en acht meter nei ûnderen fallen. De man rekke swier ferwûne.

It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok stabilisearre en dêrnei mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. It is noch ûndúdlik hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)