Man falt út de mêst

22 mrt 2012 - 11:56

Yn Frjentsjer is tongersdeitemoarn in persoan by wurksumheden út de mêst fan in skip fallen en ferwûne rekke. Dat wie op it yndustryterrein oan de Sânhuzen.

It slachtoffer hie swierrichheden mei sykheljen as gefolch fan de klap. De traumahelikopter is útflein om help te ferlienen, mar dat wie net nedich. It slachtoffer is mei de sikeauto nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)