Man en frou oanhâlden nei sjitterij en bedriging yn Ljouwert

27 maaie 2015 - 10:24
  • Luchtdrukpistoal

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitemiddei in man en frou út de stêd oanhâlden. De 43-jierrige frou hie yn in hûs oan de Professor Gerbrandywei mei in luchtdrukpistoal sketten op de 45-jierrige man. De man rekke derby ferwûne oan syn holle. Doe't meiwurkers fan de ambulânse de man helpe woene, bedrige hy har mei de dea.

De plysje woe de man oanhâlde, mar dy fersette him. Mei help fan peperspray krige de plysje de man ûnder kontrôle. It duo sit fêst foar fierder ûndersyk. It wapen is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)