Man en frou oanhâlden foar ferbean fjoerwapenbesit

08 aug 2015 - 11:05
  • Wapene oerfal

Yn Ljouwert binne freed in man en in frou oanhâlden foar ferbean fjoerwapenbesit. De 36-jierrige man út Assen waard socht foar bedriging en fjoerwapenbesit. De plysje fûn de man by in 23-jierrige frou út Ljouwert. Yn har wenning is yndie in fjoerwapen fûn. It wapen is yn beslach naam. Beide fertochten binne oanhâlden foar ferbean wapenbesit en meinaam foar ferhear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)