Man dwers troch alles hinne

04 des 2009 - 10:25

De plysje hat ynwenner (21) fan It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Hy hie yn syn wenplak in meiwurker (46) fan in restaurant slein. Dy hie de jonge oansprutsen om't er sûnder te beteljen iisko's út de friezer pakt hie. De Feanster sloech de meiwurker twa kear foar de holle. Hy fernielde letter in rút fan in hûs.

Doe't de plysje him yn in hûs oantrof, fernielde er dêr ek fan alles. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)