Man driget yn supemerk

24 jul 2012 - 10:31
  • Geweld

In 28-jierrige Snitser is troch de plysje oppakt omdat er moandei in meiwurker fan in supermerk yn syn wenplak bedrige hie. Dat die er neidat de meiwurker him der op wiisd hie dat er net yn de winkel komme mocht, fanwege in winkelferbod. De Snitser waard dêrop agressyf. Hy koe letter troch de warskôge plysje oppakt wurde.

Dat wie neidat er by in oare supermerk dochs noch syn boadskippen dien hie. Dy mocht er earst noch thúsbringe foardat de plysje him meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)