Man driget yn rjochtbank

07 mrt 2011 - 11:53

In 24-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is freed oanhâlden yn de Ljouwerter rjochtbank nei't er guon minsken yn de rjochtbank bedrige hie. It giet om de soan fan de 48-jierrige fertochte fan de moard op Pietje Bouma. Oan de ein fan de sitting gie de man troch it lint en bedrige oare besikers mei de dea.

De man hat fêstsitten en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. It iepenbier ministearje beslút wat der mei de man barre sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)